De sinistere fugelkop fan Jelke Foar syn grutte bek en driigjende ferskyning Deinsden al myn maten snel tebek Hy skopte hurd, ik wie te let Yn myn bline bangens sprong ik rjocht yn in stjonksleat In groppe fierder smiet ik myn Benaudens yn in skreau fan freugde wei Ik dream it nei en it wurdt wei Eltse dei fuotbalje en sleatsjespringe Yn grutte griene learzens It fjochtsjen mei de openbare stjonksigaren Oant de bloedkoeken harren op de plasse stie De sliding fan Dick Schoenaker, de skjirre fan Tscheu La Ling Foar it husbesite fan in alderling De Heare Jezus is Dick Passchier Mei syn gulle laits en syn swart boskje hier Sloop John B. fan The Beach Boys is pakkende gospelsjongerij Troch de Feanster Shalom Singers Yn konvinsjonele hippykledei Ik dream it nei en it wurd wei Hippert hippert hipe hoenear silstu lipe Yn maaie, yn maaie as alle fugeltsjes kraaie Dan komt Jan mei it skerpe mes, hy sil dy de kop ofdraaie Heal of, hiel of, fluite fluite fljoch der of